rondvaart picknicktocht Friesland

Picknicktocht

In picknick oan board fan de Avaleen is bysûnder; jo farre ûnder it iten troch de prachtige Fryske natuer. Optimaal genietsje wylst jo skipper jo yn twa of trije oeren lâns in ûnferjitlik moaie rûte fart en jo soargeleas de opmerklike natuer om jo hinne belibje lit. Jo kinne kieze út ferskate picknicks. Wy ha dit arranzjemint gearstald yn oerlis mei hotel restaurant Oostergoo yn Grou.

Kosten:  sjoch basisboattocht, picknick sjoch hjirûnder.

Picknickkoer

€ 12,50 de man

Sandwich mei rikke salm
Broadsje mei parmaham
Broadsje mei Riperkritetsiis
Sûkerpofke
Farsk fruit
Jus d’orange
Fruchteyochert
Ekstra drankjes of bygelyks in fleske Prosecco kinne opsjoneel bybesteld wurde

Lúkse Picknickkoer

€ 19,00 de man

Ferskate soarten Frânske tsiis en oliven
Lytse broadsjes mei lúks fleisguod/tsiis
Tomaat, komkommer en salm
Lytse seizoensalade
Stokbôle mei krûdebûter en tapenade
Fleske húswyn read of wyt (foar 2 persoanen)

Hertlike Picknickkoer

€ 19,00 de man

Mini quiche
Swiete Petit Four
Hertlike Petit Four
Soeske mei slachrjemme
Farske ierdbeien
Muffin
Lyts fleske prosecco
Tee

Picknickkoer foar de bern

€ 9,50 it bern

Broadsje mei sûkeladepasta
Krinteboltsje
Farsk fruit
Pûdsje chips
Capri sonne